Jan Arendz en Marijke Geertsma komme mei gitarist Eddie Mulder mei de nije foarstelling: Fêste Grûn fan Tjeerd Bischoff De foarstelling giet oer Renate, in sjoernaliste út ’e stêd dy’t troch in ûngelok mei de auto yn kontakt komt mei Rein, in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan ’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne. Rein is widner en wrakselt mei de problematyk fan it hjoed-de-dei ‘boerwêzen’ en de opfolging fan de pleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje. Sy ha ferskillende achtergrûnen, binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar begjinne sy op ’e nij nei harren eigen libben te sjen.
Fêste Grûn is in hertstochtlik ferhaal oer leafde en feroaring.
De reaksjes binne rûnom yn Fryslân geweldich!”
Meer bijdragen
Door de ogen van Jan Loman”, dubbeltentoonstelling
€ 1500
Cultuurbuitententoonstelling Jan Loman
€ 5000
CultuurCulturele Evenementen 2024
€ 7500
Cultuurde himrik giet de boer op
€ 750
MaatschappijDe Emigrant opnij fertelt
€ 3500
Maatschappijfood, fun, family concert
€ 500
Maatschappij‘Op reis naar de toekomst’
€ 2000
Maatschappijspelen in het groen
€ 7500
Zorg