Op sneintemiddei 20 septimber 2026 fûn it DDD foar de twadde kear plak yn de tsjerke fan Lippenhuizen. Alve Fryske dichters dy't ferstoarn binne, waarden foardroegen troch hjoeddeiske dichters. Foardrachten, muzyk en stille mominten wikselen elkoar ôf. By guon gedichten spilen, ymprovisearjendewei, de muzikanten op de eftergrûn. Dat joech in ekstra diminsje. As presintator droech Arjan Hut by oan de winske sfear. Muzikanten Axl Hofstede en Wilco Hoekstra fersoargen ek de muzikale yntermezzo's.
Elke dichter droech foar yn syn eigen persoanlike styl, mei respekt foar de ferstoarne dichter. Der wie in moai ferskaat oan foardragers en dichters. It gehiel mei de koarte ynliedingen fan Arjan Hut (Dichter fan Fryslân), de muzyk, de prachtige bylden, de ferljochting en it lûd makke it sukses fan de middei.
Wurk fan de folgjende ferstoarne dichters is foardroegen: Berber van der Geest, Tsjêbbe Hettinga, Steven de Jong, Hessel Miedema, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra, Tjitte Piebenga, Sjoerd Spanninga, Sybe Sybesma, Ella Wassenaar, Harmen Wind.
De foardragende dichters wiene: Edwin de Groot, Eeltsje Hettinga, Martsje de Jong, Elmar Kuiper, Remco Kuiper, Gisela Schadenberg, Sipke de Schiffart, Sylke Kingma, Gabriëlle Terpstra, Lubbert Jan de Vries en Syds Wiersma.
De fûnsen Stichting Van Teyens Fundatie, Boersma AdemaStifting, Douwe Kalma Stifting, FLMD, de Gemeente Opsterlân en de Provinsje Fryslân hawwe ús finansjeel stipe. Wy binne dêr tige bliid mei. Harren bydragen makken it foar ús mooglik om de middei te organisearjen.
Meer bijdragen
Doarpsreünie Wynjewâld
€ 1500
Maatschappij
Een nieuwe schuur voor De Twakamp in Bakkeveen
€ 2000
Maatschappij
Dierenriembeelden van Van Logteren terug naar huis
€ 9400
Cultuur
Nieuw hek bij begraafplaats Hemrik
€ 1500
Maatschappij
Gouden Spiker Festival & Byspikerdei 2026
€ 2500
Cultuur
Aventoertún, nieuw schoolplein voor Rehoboth
€ 5000
Maatschappij
Ledlampen Tennisclub S.V Wispolia
€ 1500
Maatschappij
Opknapbeurt voor de Bosheuvel
€ 10000
Natuur/landschap